Partoer Ie moaie winner fan de gouden klaverkes op tredde Jong Fammedei

Yn in moaie en spannende finale wûn it earstejiers senioarepartoer fan Ie mei fiif earsten gelyk en 6-4 fan Dronryp. Op dy stân koe de tuskenynse opslach fan Klaske de Jong net goed ferwurke wurde troch it perk fan Dronryp. In moaie en terjochte winner. Net ien kear hie Dronryp yn de finale foarstien en wiene it faak foutsjes fan Ie dy’t der foar soargen dat Dronryp hieltyd yn de partij bliuwe koe. En, dat moat ek sein wurde, troch de fechtersmentaliteit fan it Dronriper partoer ûnder oanfiering fan Imke van der Leest. De finale wie dêrmei in weardich beslút fan in prachtige keatsdei dêr’t yn alle omlopen spannend keatst waard.

Dy fechtersmenatliteit hie Dronryp ek yn de finale brocht. Hiene se it yn de earste omloop noch maklik wûn tsjin it twatal fan Easterein (skjinne fiif ,6-2), dêrnei wie it elke omloop dreech. Yn de twadde omloop koe Ferwert, winners fan de earste Jong Fammedei, oant 4 earsten gelyk bybliuwe. Dêrnei beslikke Annalien Hanje mei twa kear in sitbal de leste twa earsten. De ferwachting wie dat Dronryp op de tredde list de konfrontaasje mei ek favoryt Boalsert oangean soe. De reprise fan de finale fan foarich jier dy’t mei alles oan de hang beslikke wie yn it foardiel fan Dronryp. It kaam oars. Boalsert kaam der tsjin it ferrassend sterk en deeglik keatsende Holwert net oan te pas. Op en út rûn it foar gjin meter by Boalsert en at it dan net rint ek in soad pech mei ballen krekt kwea en oan de poat op beslissende mominten. Earst op skjinne 5 foar Holwert koe Boalsert in earst pakke mar mear siet der net yn. Holwert wie yn de fleur en pakte tsjin Dronryp sa mar in spul foarsprong mei ek troch in haperjende opslach by Dronryp. It wie trouwens eins hieltyd de falende opslach dêr’t de earsten mei beslikke waarden. Op skjinne twa en 6-6 miste Berber Rinskje Ferwerda it perk. Datselde die se op trijen earste gelyk en 6-6. It folgjende earste wie wer foar Holwert trochdat Annalien foar Dronryp it perk op 6 gelyk miste Dat die ek Berber Rinskje yn it folgjende earst (4-4). Holwert pakte wer de lieding troch in opslachmisser fan Annalien. It fanatisme en de slachkracht fan Imke van der Leest joech de trochslach. Sy sloech mei in ferme boppeslach Dronryp wer njonken Holwert, naam de foar bêst oer wêrtroch Holwert op 5-5 en 6-4 de keats net foarby koe. Yn de heale finale hie Dronryp it wer dreech tsjin Goaiïngea, miskien wol de moaiste partij fan de dei mei mar leafst acht fan de alve earste 6 gelyk oan de tillegraaf. Yn dy heale finale wie eins rekkening hoden mei it Mantgumer thúspartoer (yn Kimswert noch twadde by de haadklasse). Mar Mantgum hie it sneon net echt.Mei alles oan de hang rêden se it noch krekt tsjin Menaam troch in moaie sitbal fan Afke Kuipers. Mar tsjin Goaiïngea kamen se der net oan te pas. Sels koene se net folle bringe en Goaiïngea wie sterk mei Hester van der Meer goed op dreef oan de foarbêst en oars wol Brecht Gerbrandy en wat te tinken fan de 14 jierrige ! Wiljo Sybrandy, sterk foaryn en at it moast sels oan de stuit. Op 5 om twa en 6-2 makke Hester de partij yn styl út mei in sitbal. Troch in steand nûmer op de tredde list wie Goaiïngea ferskere fan de heale finale en dêrmei de lytse preemje. In prachtige heale finale dêr’t Goaiïngea in spul foarsprong naam. Wer naam Imke van der Leest har partoer op sleeptou troch trije kear op 6 gelyk persoanlik it earst te pakken oan de stuit. Op wer 6 gelyk miste Hester it perk. Mei fuort dêrnei wer twa opslachmissers like Dronryp de partij nei har ta te lûken. Hester waard eefkes yn de lijte setten en mei twa sitballen fan de jonge Wiljo Sybrandy en in boppeslach fan Brecht Gerbrandy hie Goaiïngea de oansluting wer. Fuort naam Hester de opslach wer oer en brocht mei in sitbal op 6-6 de stân wer yn lykwicht. Troch trije opslachflaters naam Dronryp de lieding wer. Op 5 om 4 en fansels wer 6 gelyk wie it wer sterk opslaan fan Hester dy’t har partoer njonken Dronryp brocht. Doe wie it dien mei it dappere Goaiïngea. Se krigen net in punt mear en op skjinne 6 miste Hester it perk. Ie hie fan alle favoriten mooglik it moaiste lot. Mei yn de earste trije omlopen partoeren dy’t net ta de favoriten rekkene wiene en in dan steand nûmer op de fjirde list soene se maklik de finale helle wurde , sa wie de ferwachting. De earste omloop gie nei winsk. Tsjin Reahûs-Tirns kamen se noch wol mei 3 om ta achter mar lutsen doe de partij mei fjouwer earsten op rige út. Tsjin St. Jabik wie it dreech. Om en om waarden de buordsjes pakt en pas op fiif earsten gelyk en 6-4 retournearde Aukje van Kuiken de bal oant yn it perk. Op de tredde list tsjin St. Anne gie it aardich better mei it moai slutende partoer fan Ie. By St. Anne moast it foaral komme fan Gerieke de Groot (moai dat se nei in lange blessure der wer by is). St. Anne pakte wol it earste buordsje mar kaam der doe net mear oan te pas. Ie mei in steand nûmer op de fjirde list dus lykas ferwachte finalist. De fraach foar de finale wie oft Dronryp it nochris opbringe koe striid te leverjen. Dêr likei it earst net op. De geweldige slachkracht fan Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken brocht Ie al gau op in spul foarsprong. Troch dyselde kracht gedrevenheid ferspile Ie dy foarsprong wer mei twa kear in kweaslach fan Aukje op ‘e seis. Dochs hiene je it gefoel dat Ie it net ferleize koe. Alle trije koene se hieltyd yn har sterkste rol en funksje bliuwe. By Dronryp waard der gauris wiksele oan de stuit en yn it perk. Mooglik dat krekt dat wolris wat betizing brocht by Ie, want hieltyd troch flaterkes fan Ie en de as storein oanhâldende Dronrypsters waarden om en om de buordsjes pakt mei wol hieltyd Ie op foarsprong. De grimmitichheid fan Ie beslikke it lêste earst. Twa kear sloegen se de bal retour oant yn it perk en op 6-4 daagde it Dronrypster perk Klaske de Jong út ta in tuskenynse bal. En dat hiene se krekt net dwaan moatten, want dat is mooglik Klaske har sterkste bal. De bal kaam tusken yn en Imke koe de keats net foarby. Dêrmei koe Dronryp de titel net prolongeare mar se binne mei in tredde, in earste en no in twadde priis it meast suksesfolle partoer op dizze prachtige partij. En de KF Jacob Klaver mei him lokkich priizgje dat mei Keatsferiening De Trochsetters út Ie in tredde namme tafoege is oan it listke sterke winners op de prachtige en unike wikselpriis. Ut in list fan 20 partoer waarden de prizen útrikt troch deputearre Anita Andriessen oan: 1. Ie Klaske de Jong Sjoukje Visser Aukje van Kuiken 2. Dronryp Annalien Hanje Karina Frijling Imke van der Leest 3. Goaiïngea Hester van der Meer Wiljo Sybrandy Brecht Gerbrandy foto’s steane yn ús fotoalbum en op www.sjoukjecnossen.myphotoalbum.com

Geplaatst op 08 July 2006